Аппликатуры аккордов:
G
Dêr ’t de dyk it lân omklammet,
A D
Lyk in memme earm hjar bern,
A D
Dêr ’t de wylde sé jamk flammet
A D
Op in hap út Friso’s hern’;
D7 G
Dêr ’t de Stiennenman syn eagen
C G D
Stoarje lit oer fjild en strân,
G C
Dêr ’t men eanget fen gjin weagen,
G D G
Dêr is ’t ljeave Heitelân!
E C
Dêr ’t men eanget fen gjin weagen,
D D7 G
Dêr is ’t ljeave Heitelân!
G
Dêr ’t Reaklif sa swietkes lonket
A D
Yn de jountiidssinneskyn,
A D
Dêr ’t it bokweitblomke pronket
A D
Twisken heide en beamgûd yn,
D7 G
Dêr ’t de Aldehou syn brommen
C G D
Uren fier sims dreunt yn ’t roun,
G C
Dêr it tilt fen fé en blommen,
G D G
Dêr is ’t oeral Fryske groun!
E C
Dêr it tilt fen fé en blommen,
D D7 G
Dêr is ’t oeral Fryske groun!
G
Dêr ’t hjar froed de geaen spriede,
A D
Twisken Lauwers, Linde en Flie,
A D
Rêstich drôgjend, eft de ierde
A D
Rounom noft en frede wier,
D7 G
Dêr ’t de groun de soargen leannet
C G D
Fen der minsken warbre hân,
G C
Dêr ’t men frij en feilich wennet,
G D G
Dêr is ’t ynljeaf Heitelân.
E C
Dêr ’t men frij en feilich wennet,
D D7 G
Dêr is ’t ynljeaf Heitelân.
A
Lit ús tinke oan âlde tiden;
B E
Ieuwen fol fen lêst en noed,
B E
Kriich tsjin frjemdfolk, fjuchtsjen, striden,
B E
Wrachseljen mei wetterfloed,
E7 A
Dêr ’t Dy ’t âlde folk biwarre,
D A E
Dreech tsjin stoarm en twingerij;
A D
Dêr scill’ wy, as Friezen, swarre:
A E A
„Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!”
F# D
Dêr scill’ wy, as Friezen, swarre:
E E7 A
„Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!”